Poems
De 7 genomineerde gedichten: Klaas Feenstra fan Burgum, winner. P.C. Blau it swerk, fan sinne oergetten; fleur en kleur op it Sjūkelān. Ien famylje, hechte bān, spande troanjes ūnder petten. Troch de rigen giet in rūzjen: būten; boppe; triktrakslach, fūl, feninich, mei ferdraach heine en slaan; de ballen sūzje. Libbensbyld: dyn eigen frachtsje sjouwe yn't perk fan al den dei. Eagen iepen, aloan wach, selden reden foar jūchhei, inkeldris in boppeslag, altyd moatst de bal ferwachtsje. Gedicht troch Dik Jagersma fan Grins, nominearre PC Foar 't earst op 't Sjūkelān, it like wol in earetsjinst Lyturgen yn jacquet, of mei in pet op oan foarminst In soad āld-keningen as goadensoannen yn 't publyk Opnij genietsjend fan dit ien dei duorjend keninkryk Tsientūzend minsken klapten lūd of waarden mūskestil Ien misse slach bepaalt soms wa 't de krānsen krije sil Dit bjusterbaarlik barren yn 'e lijte fan De Bocht Ha ik yntiid al mear as fijfentweintich kear besocht En gāns partijen die ik jūns op bźd noch even oer Al dreamjend waard ik sels dan wolris kening fan't partoer Dy keningstitel fūn ik oars net by sa 'n folkssport stean Mar 'k seach ris op it bolwurk in ūnttroande kening gean Mei in stikmannich slokjes op en ūnfźst op 'e foet Wie hy wer ien fan 't keatsersfolk, en ik tocht: sa is 't goed Jelle Rypma fan Boalsert, nominearre Dream fan in ledekeatser Fūgels toarkje om de dakken fan de hūzen Of om de djoere nije tourren hinne Tsientūzen minsken sa stil as mūzen Dan moat jo as artyst wat kinne Dat soe ik wol wat fine Om op dat stuit, op dat fjild, in platten of in hegen, Op'e kwea of oer de line Sa'n bal de weareld śt te fegen Meindert Bijlsma fan Kimswert, nominearre Net te beslaan Ik stelde, doe't Fligenier en Brandweerautobaas ōffoelen, foar't Grutte Spul mei Wurdum-Wommels-Frjentsjer. Yn Wurdum, troch in wāl fan wetterwylgen om't hōf fan'e pastorijetśn hinne, bekipe Rinse Brink temūk it keatsfjild. Nettsjinsteande it hofkesjongen woe er my grif syn segen noch wol jaan. De keunst soe'k ōfsjen fan Douwe Hilarides en Jehannes Duhoux. Sjoen haw ik, mar mei de keunst ... en ek de segen Wommels ha'k noch helle, mei Frāns en Henky. Frāns foar bźst op en efteryn, Henky foar minst en foaryn. Ien omloop op'e Terp, it Sjūkelān net te beslaan. Mar de ballen fan it libben dy't op my ōfkamen ha 'k altyd besocht mei fjoer en faasje te kearen. Tjisse Hettema fan Seisbierum, nominearre P.C. de moaie frou tapet samar bier en de mannen heine har trik-trak spul yn de mūle elk nimt syn eigen plak de alkohol dy't hinget en wierret stuitet en skjirret de do, de jo de man froeger de frou no har alles har lyst bedrjo alles waait hjir troch de bank nommen ien kear yn't jier oer en om har hinne in earmslach in eachopslag de do, de jo wer by de ālde as de kening hinget Thys Balt fan Drachten, nominearre PC - Bildtsaigen Hij is bśtten, foor! Hij sit. Overlope, kom maar weer, frek wat doe't dy klau my seer. Heu dou mantsy, watsoustou, Soek dy bāl ! En wat saist nou? Bildtse kaatsers en PC, Gek fan't bāltsy, alle twee. Osinga en Wassenaar, Bierma's en Leeuwens(twee). Dooi de Bildt, Klaas Keut en Groen, Wallendals en Sake Porte, Pieter Jetse en nag meer! Kaatsers fan'e Waddensee, foel't mistery fan PC. Aren śt Skelpen, kaatsersbloed. Sterke źrms, de pries rśkt soet. 150 is de stānd. Reken op 't Bildtse lānd. Laas Bloemhof fan Harns, nominearre De āldste spiler Fan in stikje lear en wat kowehier, spylje ik al mear as 150 jier. Op de PC - it is altiten gek - slaan se my in protte yn'e bek. Pripperje my leaver plat oer de line. Of lit my heech driuwe, de achterynse bine. En dźrnei in ūnferwachte bal der tusken yn, haw ik leaver dan dat ik oer de kwea ferdwyn. Skourre de śtslagers my, foaral de tūke, dan rōlje ik straks troch de hoeke. Mar it leafst hear ik, dat se allegearre raze en roppe, ik flean dan yn ien kear - as in streep - boppe. Fine se my op tiid en bringe my werom, hoopje ik dat ik wer yn'e finale kom. |

Koninklijke PC - Postbus 208 - 8800 AE Franeker Netherlands