Home | Sitemap | Print versie | English | Nederlands

Aktueel

Yntroduksje

Alle jierren op de 5e woansdei nei 30 juny wurdt de grutte keatswedstriid te Frjentsjer hâlden. Oan de wedstriid dogge de 48 bęste manljuskeatsers mei, dy't har formearre hawwe yn 16 partoeren fan 3 man elk. Fan de mear as 600 keatswedstriden dy't alle jierren űnder tafersjoch fan de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond (KNKB) spile wurde, is de PC it meast ferneamd. It winnen fan de PC is foar in keatser it heechst berikbere. Ut it winnende partoer wurdt de bęste spiler ta kening fan de PC útroppen, węrnei't de foarsitter fan de PC him de út 1883 datearjende sulveren keningsbal omhinget.

De ‘Franeker Kaatspartij’, mooglik wol 400 jier âld, stie lang bekend as de 'balverkaatsersdag', mar dy rekke yn’e nederklits. De nije namme 'de PC' űntstie neidat de Permanente Commissie (ôfkoarte de PC) yn 1853 de organisaasje en reglementearring fan de wedstriid op jin nommen hie om de delgong te kearen. De PC is net allinnich de âldste jierlikse sportklassiker fan Nederlân, mar smyt op dat stik ek mondiaal hege eagen.

It keatsen wie oant sawat 1800 dé nasjonale sport yn Nederlân. Dęrnei waerd it hurd minder mei it keatsen yn ús lân en ek sa mei de oerâlde ‘Franeker Kaatspartij’. Doe’t de keatserij yn 1853 op stjerren nei dea wie hawwe leafhawwers de Permanente Commissie oprjochte om sa de keatssport en de tradysjonele keatsdei wer op it aljemint te bringen. Dit slagge en de Franeker Kaatspartij waard op’e nij in heechtiidsdei. Doe’t yn 2003 de PC 150 jier bestie, is oan de Permanente Commissie it predikaat 'Koninklijk' takend.