Home | Sitemap | Print versie | English | Nederlands

Nijs & ynformaasje

Mei 2011:

sjukelan mei 2011.jpg"It Sjukelân krijt in bettere drainaazje en in nije gersmatte"



Keninklike ûnderskieding foar Johan Dijkstra

Op 9 april lêstlyn hat de hear Johan Dijkstra ôfskie naam fan de Koninklijke Permanente Commissie. As lid dêrfan hat Dijkstra, yn ‘e mande mei de fjouwer oare kommisjeleden, net minder as 25 kear de jierlikse PC organisearre. Yn de kommisje ferfolle  er de funksjes fan twadde foarsitter en skathâlder en wie er jierren oanien  ferantwurdelik foar de distribúsje fan de kaarten. As blyk fan wurdearring foar syn grutte ynset foar de PC, de Rotary yn Frjentsjer, de Stichting Vrienden van het Planetarium en de Coba de Groot Stichting krige er by it ôfskie fan de PC út hannen fan boargemaster Veenstra in keninklike ûnderskieding: Dijkstra is lid wurden yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Syn frou Ymkje waard troch de boargemaster ek yn de lofspraak behelle. Johan Dijkstra is by dizze gelegenheid beneamd ta earelid fan de Koninklike PC.