Home | Sitemap | Print versie | English | Nederlands

- PC liet

Tekst: Baukje Wytsma
Muziek: Anne Oosterhaven

Kinst hjoed yn Frjentsjer op 'e koppen rinne
Dit is de dei fan de PC, elk wol der hinne,
De boargemaster en de slachter, de boerinne
De jonge keatser mei syn prachtige freondinne.
Wa't in kaart hat, hat gelok,
Oeral is it like drok.
It is de moaiste dei fan 't jier,
De sport, de wille, it fertier
Bźste maat, de kop derfoar
Allez - allez, allez - allez, allez - allez
Dit is de dei fan de PC

In keatser hat in dream, hjir wol er winne
De trije krānsen hingje klear, it kin begjinne
Oft er śt Arum komt, śt Harns of Futsjefinne
Hy jaget alle ballen oer de boppe hinne!
Pake sit fansels foaroan,
As in kening op syn troan.
It is de moaiste dei fan 't jier,
De sport, de wille, it fertier,
Bźste maat, de kop derfoar
Allez - allez, allez - allez, allez - allez
Dit is de dei fan de PC

Tribunes oan 'e kop ta fol,
De keatser siket om de bal,
Dit is syn dei, dit is syn kāns
Hjoed giet it om de earekrāns
Syn namme giet troch it publyk,
Wurdt droegen troch de blaasmuzyk:
Allez - allez, allez - allez, allez - allez, no sil it heve
It is PC, hjoed sill' wy wat beleve!

Refrein:
Syn namme giet troch it publyk,
Wurdt droegen troch de blaasmuzyk:
Allez - allez, allez - allez, allez - allez, no sil it heve
It is PC, hjoed sill' wy wat beleve!
Allez - allez, allez - allez, allez - allez, no sil it heve
It is PC, hjoed sill' wy wat beleve!