|
Men fersint jin dus as men tinkt dat it Frjentsjerter Keatsen datearret ût 1853: Lykwols, ear't de Permaninte Kommissje de wedstriid organisearre, wie der bij de kranten hielendal gjin redaktionele niget foar hokker sport dan ek (Kalma p. 78). Dochs wie it keatsseizoen doe ek al fan mids maaije oan't mids septimber. Der wie ek in protte belangstelling op it Frjentsjerter Oud Kaatsveld. Sa wienen der op de heechtiidsdei sa'n knoarre minsken, dat de plysje de kliber op ôfstân hâlde moast (Rede Bogtstra 1893, p29). Fergetten binne dus de oantinkens oan'e helden fan'e Frjentsjerter Keatsersdei (ek wol de "Balverkaatsersdag") fan eartiids. nei alle betinken ek in gefolg fan it ekonomysk belang fan'e kastlein, dat wichtiger wie as (it libbent hâlden fan) de eare foar keatsers. De oprjochters fan'e PC hienen in hiel oars, mear klassiek, byld foar eagen lyk as omtinken foar it ideële, foar sporthistoarje, lange taspraken oer it keatsen, mytologyske ôfbyldings op'e tribunes en foar winners fan alearen. Fan de keatsers, dy't foar 1853 derút rûnen , witte we út it boek fan Kalma van guon noch in namme of bynamme: Sipke Dirks Wassenaar (1810), Hendrik Zaadstra (1819), T. Pollema (1829). Om 1830 hinne de topspelers Klaas Kuiken, Marten Kramer, Andries Tiemersma, Sjerp Talsma en Obe Bangma. In jiermennich letter Johannes Nijdam en Pieter Bakker en noch wat letter Klaas Hantsjes, Cornelis Proost, Ulbe Dijkstra, Hessel Brijker, Pieter Alkema, 'Manne Roek', 'Douwe Mûteltsje', 'Grouwe Ieme', Haaije van Oosterend en Willem Kûper.Hoewol it keatsseizoen lang wie, wie yn'e 18e ieu de "Balverkaatsersdag" dé heechtiidsdei. Dizze wie ommers tagelyk mei de merke (Kalma p 62), dy't trouwens doe gâns wichtiger wie as wy no faak tinke. Doetiids hienen de minsken folle minder ferdivedaasje as no; it wie it plak en de tiid wêr't men hinne woe. |