Home | Sitemap | Print versie | English | Nederlands

Hjoeddeiske periode

Yn alle gefallen sūnt de Midsieuwen wurdt der yn Nederlān keatst. Keatsen wie tiden lang it nasjonale en meast beoefene spul. Troch maatskiplike feroaringen yn de 18e en 19e ieu is dat frijwat oars wurden. Ek yn Frjentsjer hie min geandewei de nocht wat fan it 'balferkeatsen' ōf. Balferkeatsen wie oan doe ta in folksfeest mei in jierlikse keats-wedstriid, dźr't salang't de minsken heugde, keatsmatsjedors fan wech-ende-wear inoar plachten te moetsjen. In oare wichtige reden fan it fertutearzjen doedestiids wie, dat de organisaasje yn hannen kommen wie fan kastleins. Dy wie it net allinnich te dwaan om it fermaak, mar benammen om it jild. Winlik dus in iere foarm fan kommersjalisaasje.

gravure.jpgOfbylding fan in gravuere, dy't in realistyske
werjefte foarmet fan it "Frjentsjerter Keatsen"
yn it fiere ferline (publisearre yn: "De aarde en 
haar volken").

Doe't  yn 1853 it balferkeatsen yn 'e lytse loege rekke, rjochten 5 Frjentsjerter notabelen in kommisje op, mei as doel 'de befoardering en ynstānhālding fan de keatssport'. It "Frjentsjerter Keatsen", sa't de wedstriid lang neamd is, groeide sa wer śt ta in feestlike heechtiidsdei, rūnom ferneamd, en sadwaande in krźftige ympuls foar it keatsen yn Nederlān dat doedestiids gāns yn 'e nederklits rekke wie. It die bliken dat de kommisje, dy't noch altiten śt 5 leden bestiet, permanint wie ('de Permaninte Kommisje'). Sa krige it "Frjensjerter Keatsen" linkendewei by it folk as nije namme "de PC", nei de inisjalen fan syn organisator. Sūnt 1854, it jier dat de keatsdei foar it earst troch de Permaninte Kommisje organisearre waard, koe de wedstriid 4 kear net trochgean: yn 1859 (min waar en/of pokke-epidemy), yn 1866 (goalera-epidemy) en yn 1943 en 1944 (Dśtske besetting). Spitigernōch is śt it tiidrek foar de oprjochting fan de PC, folle minder bekend bleaun as śt de tiid nei 1853. Wol witte wy dat de Frjentsjerter keatsbaan (1630-1684) foaral troch de elite en studinten brūkt waard. It gewoane folk keatste leaver (en om't it moast) būten de stedsmuorren yn it iepen fjild, frij fan regels ('placcaten') en feroarderingen. Ear't  de Permaninte Kommisje yn 1856 de wedstriid nei it Sternse Slotland ferpleatste, waard spile op in stee justjes būten de Easterpoarte fan Frjentsjer, foar fźst al sūnt 1650  bekend as keatsfjild. Dat plak, ūnderwilens fansels al lang beboud hjit no noch altiten "Oud Kaatsveld".