|
Oant likernōch 1850 wie der yntinsyf en troch in macht oan keatsers spile op de 'balferkeatsersdei', dy't alle jierren hālden waard op it keatsfjild justjes būten de Easterpoarte fan Frjentsjer. Dźrnei waard it hurd minder mei dizze ālde en ienris sa feestlike dei, dy't hieltiten mear yn 'e hannen kommen wie fan de kastleins en boppedat aloan mar rūger waard. Doe't der yn 1853 in djiptepunt berikt wie, besleat in 'directie', besteande śt fiif Frjentsjerter notabelen, om de organisaasje fan de dei op him te nimmen en dy te 'ferheffen' ta in barren dat mear op ideėle wearden stuolke wie. Fan it begjin ōf oan wie der sśkses en groeide de dei op 'en nij śt ta dy feestlike heechtiidsdei.
Sūnt har oprjochting bestiet de PC noch altiten śt fiif leden (mei yngong fan 1 april is de hear J. van der Veen ta fiifde lid beneame) en is se folslein eigen baas yn har wurken. Ut dy fźste basis wei giet se, trou oan de weardefolle tradysjes en oan har oprjochters, troch mei it sintraal stellen fan de alālde sport, net beynfloede troch hokker kommersjele of oare belangen ek. De Kommisje, dy't sūnt har oprjochting noch mar sān foarsitters en mei-inoar 41 bestjoersleden hān hat, sjocht it as har bysūndere ferantwurdlikens om dizze ālde heechtiidsdei, wźr 't ālde tradysjes, kultuer en sport as ien gehiel belibbe wurde, geef troch te jaan oan de nije generaasjes.
|