|
Foar in protte begjint it fieren fan de PC al twa dagen foar de PC-dei, as de moandeis om 18:00 oere yn in iepenbiere sitting yn de Koarnbeurs de wedstriidlist fęststeld wurdt (węrby't de spilers sels har lot lűke kinne) en de komst fan de grutte dei hiel taastber wurdt. De PC smyt syn skaad lykwols wiken, as it gjin moannen binne, foarút, yn skôgingen foarôf, oanfragen foar kaarten ensfh., oant der oer hast neat oars mear as de PC praat wurdt.
De lęste dagen foar de PC:
Seleksje op de tongersdeis foar de PC Ut de partoeren (teams) dy't har opjűn hawwe, wurde de 16 bęsten socht. Dat wurdt dien yn in besletten gearkomste tusken de Permaninte Kommisje en de Technyske Kommisje fan de KNKB.
Generale op de sneins foar de PC Op dy dei is de lęste keatswedstriid foar de PC, neffens tradysje yn it plak Arum. |