Home | Sitemap | Print versie | English | Nederlands

Markant

De histoarje fan de PC hat te folle bysûnderheden om se allegearre op te neamen; likemin kin hjirre yngongen wurde op de gloarje dy't keatsers op de PC berikten. Wy kinne hjirre mar in pear markante saken neame. Sa hat de PC paadsljochter west foar gâns wêzentlike ûntjouwingen yn de keatserij (organisaasje, spulregels, prizen ensfh.), mei as hichtepunt har essinsjele bydrage oan it ôfkearen fan de ûndergong fan it keatsspul en oan it behâld fan âlde kultuereleminten. Oan't 1853 hienen de (regionale) kranten gjin inkelde niget foar hokker sport dan ek; gjin wedstriidferslach, hast gjin utslaggen. Fan it oprjochtingsjier fan'e Permaninte Kommisje ôf wurdt dit gâns better. Sadwaende witte wy ek folle mear fan de earste PC wedstriiden, as fan it Frjentsjerter keatsen yn it tiidrek foar 1853 doe't it barren ek

belgen.jpgDisse trije Belgen
George Herphelin,
August van Lierde (k)
en Emile Hoyois wounen
de PC fan 1917.
 

al tige foarnaam wie. Sa soene jo sizze kinne dat de PC ek fan betsjutting west hat foar it ûntstean en de ûntjouwing fan de (regionale) sportferslachjouwing (sjuch ek de side "Winners 1854-hjoed"). Markant is wiswier ek de earste ynternasjonale wedstriid yn 1888 tsjin de Belgen (hâlden yn Frjentsjer en tagelyk  ien fan de earste ynternasjonale wedstriden yn Europa. Doe waard ek it Fryske isolemint trochbrutsen dat bestie sûnt it keatsen weiwurden wie út Midden en Súd Nederlân yn de 18e en 19e ieu. De Belgen kamen nei Frjentsjer ta, nei't yn 1887 in oantal leden fan de Permaninte Kommisje nei Brussel ta reizge wie en dêr it earste kontakt mei harren lein hie. Dat ek de Belgen dizze Belgysk - Nederlânske ûntjouwing fan grut belang fûnen, blykt út de ûnderskieding dy't de Belgyske Kening Leopold II ferliend hat oan de Permaninte Kommisje troch har foarsitter. Noch altiten komme der jierliks Belgen nei de PC ta.

It belang fan de PC as hoedster fan de âldste nasjonale sport is (ek) al ier ynsjoen troch it Nederlânske Keninklik Hûs. Sûnt Kening Willem III (neiteam fan betûfte keatsers as prins Willem fan Oranje (1533-1584) en syn soan prins Maurits (1567-1625) ferbynt it ommers syn namme al fiif generaasjes efterinoar oan de PC. Sa stelde Keninginne Beatrix prizen beskikber foar de winners by bysûndere gelegenheden, lykas de PC jubilea yn 1998 en 2003. Boppedat hat  H.M. de Keninginne yn it jier 2003 de "Permanente Commissie der Franeker Kaatspartij" it predikaat 'Keninklik' jûn “foar benammen de rol en maatskipke betsjutting" fan de PC.

Leopold II.jpgKening Leopold II
(1865-1909)

Útsein it jaan fan in nije takomst oan it keatsen en it wêzen fan it heechst berikbere yn dizze sport, giet it hjir benammen om de stipe oan it byld fan Fryslân fier bûten de provinsjegrinzen en sa oan de ekonomyske en kulturele krêft fan de provinsje”, sa as dat beskreaun waard troch de Kommissaris fan 'e Keninginne yn de provinsje Fryslân.

Ek it feit dat de wedstriid al sûnt 1856 op itselde plak, it Sjûkelân, hâlden wurdt mei bysûnder hjitte. Dit hat der wiswier ek ta bydroegen dat der op dit plak yn 2003 in monumint, besteande ut twa markante tourren, delset is. Dizze twa tuorren binne sadwaende in fêst en fysyk sichtber symboal fan it fenomeen PC. Hoewol de PC altiid in paadsljochter west had yn fernijingen en ympulsen foar de keatssport (bygelyks:

veld-vanaf-tribune-2005.         foto: FOTOKOOPMANS © 2005

de ûtjeftefan “Korte verklaring van het kaatsspel"; ien fan'e earste ferhan-nelings oer sport; de yntroduksje fan'e telegraaf, ek yn 1855; sporthistorisch ûndersyk en publikaasje (1893); it brûken fan affysjes, filmferslaggen fan 1921 ôf en radioútstjoeringen fan 1929 ôf; life TV útstjoeringen) hat sy hast alle maat-skiplike feroarings en 'oanslaggen' op har ideële útgongspunten wjerstien en ferrint de PC-dei yn grutte halen noch krekt sa as yn har jongste jierren. Dit makket de PC wiswier ta in markant barren.