Home | Sitemap | Print versie | English | Nederlands

De kening

De symboalyske betsjutting fan de kening is grut op de PC-dei. Sa is in moai grut part fan de rituelen op de PC-dei dêrmei anneks. Underdiel fan it ritueel is dat de regearjend PC-kening (dus de winner fan it foargeande jiers) de moarns ûnder de resepsje de keningsbal wer om de skouders krijt en dat in spesjale rydtoer yn iepen koetsen him, mei syn beide maten,


102.jpgKening 2009: Gert-Anne van der Bos
(foto: FOTOKOOPMANS©2009)

KlaasBoorsma.jpgKlaas Boorsma, de 4e kening
wûn 7 kear de PC.


nei it toernoaifjild bringt. Dêr nimme tûzenen taskôgers syn opkomst yn har op en se sjogge ek hoe't er ôfstân docht fan de keningsbal. Nei dy hanneling kin de striid om de opfolging begjinne. De PC-dei hâldt net nei de lêste slach op, mar pas as de nije kening bekend is: pas dan ferlitte de tûzenen taskôgers it toernoaifjild. Sûnt 1940 is op de wedstriidlist oan de regearjend PC-kening in gedicht tawijd. De PC-kening fan 2008 is Douwe Groenendijk út Heerenveen.

PC keningen