|
De sulveren keningsbal wurdt útrikt oan de PC-kening, dy't er oant de oare PC ta hâlde mei. De bal waard yn 1883 oan de PC skonken troch de doetiidske Kommissaris fan de Kening, mr. Binnert Philip Baron van Harinxma thoe Slooten en de bal hat ûnderwilens in amper oan te tsjutten (symboalyske) wearde. Om dy reden hat de Permaninte Kommisje yn 1997 in tige krekte replika fan de bal meitsje litten. Op de bal stiet it famyljewapen fan de Van Harinxma's, in gedicht fan Jacobus van Loon en in ôfbylding fan it "Frjentsjerter Keatsen" yn it fiere ferline. Op de foto hjirneist út 1973 hinget de hjoeddeiske keningin Beatrix de keningsbal om de skouders fan PC-kening Sjouke de Boer.
|