Home | Sitemap | Print versie | English | Nederlands

Meidoggers

De keatsers dy't meidogge oan de PC, binne goed traind. Se wurde selekteard út de Haad- en de Earste Klasse fan it KNKB-sirkwy.De toppartoeren treffe inoar dêr alle wiken. It binne de (op syn meast) 16 bêste partoeren dy't foar de PC útsocht wurde. De partoeren, dy't út 3 persoanen besteane, binne troch de keatsers sels gearstald. In tal keatsers is legindarysk wurden troch de PC faker as ien kear te winnen of troch sels mear as ien kear kening te wurden (sjoch útslaggen en klassemint). It duorre lykwols leafst sa'n 140 jier ear't it inselde partoer slagge om trije kear efterinoar de PC te winnen.

iseger-bij-deelnemers.jp
Op de foto hjirboppe moat keatser
Daniel Iseger alle war dwaan om de
bal goed te ferwurkjen (PC 2005).

Keatsen is in sport mei gâns fjûr en faasje, ôfwiksele mei 'deade' spulmominten. De keatser moat dêrom, neist krêft, tûkens, atletysk fermogen en spulynsjoch ek konsintraasjefermogen en sosjale kwaliteiten ta syn foldwaan hawwe. Dêr komt noch by dat de keatser allinnich mar in want as 'wapen' hat, yn in sport mei in lytse bal op in yn ferhâlding grut spylflfjild.

foto's: FOTOKOOPMANS © 2005