|
Algemien It keatsen wurdt spile op in fjild fan 32 m x 61 m. De twa partoeren (teams) dy tsjininoar stride besteane elk út 3 spilers. De te heljen punten wurde oanjûn op de saneamde tillegraaf (scorebord) en binne te fergelykjen mei tennis, dat yn de 18e ieu ûntstien is út in fariant fan it keatsen. Dizze familjebannen binne werom te finen by de telling: tennis: 0, 15, 30, 40, Game; 6 games: set keatsen 0, 2, 4, 6, Earst; 6 earsten: út
De wedstriid wurdt sadwaande wûn troch it partoer dat it earst 6 earsten hellet.
Foarbielden fan standen: a. Keatsen 3 – 2 4 – 6 ; Tennis 3 – 2 30 – 40 b. Keatsen 4 – 1 0 – 2 ; Tennis 4 – 1 0 – 15
It spul Directe winst kin (a) troch in sitbal (ace) fan de opslagger (serveerder) en (b) as de perkspilers de bal boppeslaan. Yn it earste gefal kriget it opslaggerspartoer 2 punten, yn it twadde it perkpartoer 2 punten. Ballen dy bûten it perk falle (bûten) of bûten de sydlinen (kwea), leverje punten op foar resp. it perk en foar de opslaggers. De tekeninkjes a. en b. jouwe dat goed oan. |