- PC lied
|
Tekst: Baukje Wytsma
Muziek: Anne Oosterhaven Kinst hjoed yn Frjentsjer op 'e koppen rinne Dit is de dei fan de PC, elk wol der hinne, De boargemaster en de slachter, de boerinne De jonge keatser mei syn prachtige freondinne. Wa't in kaart hat, hat gelok, Oeral is it like drok. It is de moaiste dei fan 't jier, De sport, de wille, it fertier Bêste maat, de kop derfoar Allez - allez, allez - allez, allez - allez Dit is de dei fan de PC In keatser hat in dream, hjir wol er winne De trije krânsen hingje klear, it kin begjinne Oft er út Arum komt, út Harns of Futsjefinne Hy jaget alle ballen oer de boppe hinne! Pake sit fansels foaroan, As in kening op syn troan. It is de moaiste dei fan 't jier, De sport, de wille, it fertier, Bêste maat, de kop derfoar Allez - allez, allez - allez, allez - allez Dit is de dei fan de PC Tribunes oan 'e kop ta fol, De keatser siket om de bal, Dit is syn dei, dit is syn kâns Hjoed giet it om de earekrâns Syn namme giet troch it publyk, Wurdt droegen troch de blaasmuzyk: Allez - allez, allez - allez, allez - allez, no sil it heve It is PC, hjoed sill' wy wat beleve! Refrein: Syn namme giet troch it publyk, Wurdt droegen troch de blaasmuzyk: Allez - allez, allez - allez, allez - allez, no sil it heve It is PC, hjoed sill' wy wat beleve! Allez - allez, allez - allez, allez - allez, no sil it heve It is PC, hjoed sill' wy wat beleve! |

Koninklijke PC - Postbus 208 - 8800 AE Franeker Netherlands