Nieuws

Trije debutanten op de 164e PC

In oantal keatsers stiet woansdei foar it earst op de PC. Auke Boomsma uit Moarre, Marco de Groot út Frjentsjer en Durk Ennema meitsje harren debút.

Auke Boomsma fan Moarre debutearret dit jier op 19-jierrige leeftiid op de PC. In moai en bysûnder partoer, dat mei Jelle Jaap Stiemsma en Sip Jaap Bos bestiet út allinnich mar keatsers út de Dongeradelen. Neffens “ingewijden” net in keatser dy't yn syn jongere jierren alle prizen opeaske mar wol de keatser dy't op de earste klas yn Holwert op Keningsdei de earste kening fan dit seizoen waard. In moanne letter stie er ek yn de prizen, in tredde priis krige er, op de haadklasse yn Dokkum. It hoecht net altyd mei grutte sprongen. Ek stapke foar stapke komme je in hiel ein.

 Marco de Groot fan Frjentsjer is al jierrenlang in talint. Tredde op de Freule yn 2013, yn 2014 wûn er wol de generale fan dy Freulepartij, mar wie Sint Jabik yn de earste omloop fierstente sterk. In grutte teloarstelling foar it favorite Frjentsjer en ek foar dizze jonge keatser. Marco sette troch en liet sjen dat er ècht wol keatse kin. Yn 2016 wûn er mei Frjentsjer de Jong Nederland, dit jier waard er twadde. Ek hat Marco dit jier de Jong Feinte wûn.

Durk Ennema fan Seisbierrum waard tredde op de Freule fan 2014. Mar yn 2016 gie er der mei Seisbierrum hurd ôf yn de earste omloop tsjin Arum (1-5). Dat liket op it ferhaal fan Marco de Groot.  Talint. In priis. Hoopje op it heechste. En it dan om watfoar reden net wiermeitsje op sa'n wichtige partij wylst in soad minsken dat wol fan je ferwachtsje. Dêr hâldt de oerienkomst net op. Want ek Durk stie wer op. Yn 2016 siet Marco de Groot  him yn de earste omloop op de Jong Nederland noch dwers. Mar watfoar Marco jildt, jildt foar alle keatsers ek en dus ek foar Durk Ennema. Dàn komt it der op oan. Opstean en trochgean moat it dan it motto wêze. It soe it motto fan eltse PC-keatser wêze moatte. Je hawwe pas ferlern as je opjûn hawwe. En ek Durk is dat slagge. Dit jier wûn er de Jong Nederland, yn de finale trouwens tsjin... Marco de Groot...

 

Log in