Nieuws

“Wij salle der bij weze at de Heere ut wil!”

“In het belang van de kaatssport wordt het publiek dringend verzocht zich geheel buiten kwesties te houden.”

Allemachtech nòch an toe, allienech dizze sin al, onderan de lijst met deelnimmers fan myn earste PC oait dy’t ik metmake mocht is foar mij goud weard. Suks hew ik nòch noait op un programmaboekje fan SC Heerenveen òf O.N.S. siën.

Op de dach dat bekend wurdde dat der foar un Braziliaanse foetballer ut bizarre bedrach fan 500 miljoën útrokken wurdt deur ferwende doldraaide oaly-sheiks dy’t hun sin nyt kregen bij FC Barcelona, sit ik op de tribúne fan ut ‘Sternse Slotland te Franeker’. De weareld is gek. In Franeker gelukkech nyt, dêr is ut gewoan un gekkeboël, dat het altyd al su weest en dat sal altyd ok su bliëve.

As Sneker make je jeself wel us wies dat oans stad ut middelpunt fan de wreareld is, mar dat is nuchter besiën flauwekul. En nuchter was ik gister, ik was BOB. Met myn nuchtere ferstaan hew ik siën, rúke en foële kanne hoe bysònder de PC is. Nadat ik gistermòrren al over un bysònder kaatsbaltsje ferteld had bij Omrop Fryslân wurdde ik dêr gister úteraard op ansproken. Deur mij folkomen freemde mênsen. Se wisten fan de kaatsballen fan Izaäk de Haan! Sij wel! Deur mar un detail te noemen, un heel klein bitsje fan de kaatshistoary te delen, murken maat Kees en ik dat we welkom waren.

We binne as folkomen leken op kaatsgebied in de watten leit deur ut kaatsfòlk. Fan alle kanten wurdde oans de spelregels dúdelek maakt sudat we an ut end fan un lange dach as bútenstaanders ut idee hadden dat we ut ‘spultsje’ folokomen begrepen. Groate flauwekul fanself, we mochten even proeve, mear nyt.

Wat bliëft bij fan su’n dach? Dat is in ut earste plak de gemoëdeleke sfear, ut oans kent oans gehalte dêr op ut Tsjûkelân. Dat groate reüny-gefoël is nyt an te raken su dyp. Su’n gefoël laat um amper omskriëve. Je frage un Sneker ok nyt wat ut Sneekweekgefoël is, dat is der gewoan fan ‘de toanen tòt an de krún’! “Hier siëst de klaai- en greide Friezen bij mekaar kommen”, sei Bas Hollenberg dy’t we gister ok teugen kwamen.

En ik mut sêge, un Amsterdammer sú sêge ‘het zijn allemaal boeren joh…’ Mar wel myn Boeren met un hoofdletter, ik foëlde mij dêr as Sneker stadsjonge helemaal thús, had wel in de gaten dat der mear bier as cocktails dronken wurdt bij de Bogt fen Guné!

Wat ok hangen bliëft fan su’n earste PC is de sfear op de tribúnes, op bepaalde spannende momenten wurdde ut werklek músstil. Je konnen un speld fallen hore. Na su’n alles bepalende opslach ging dêrna ut geroezemoes wear deur. Wat lulle se dêr un soad op’e PC. Miskyn ok wel un reden dat ik mij der thúsfoëlde.

Ja en dan al dy tradisy’s, we hewwe der un klein gedeelte fan met kregen. Fòlgend jaar wille we seker naar de intòcht fan de gladiatoaren toe! Tradisy’s mutte je nyt ferwarre met oubollech, dat is heel wat anders. Ik genoat met folle teugen fan de notabelen in de tent, desúver poëtise kommentaren fan de kaatsers self. We dochten dat we na twee omlopen al kenner waren en gingen op de foto met de doadferfde Koaning. Nee dus!

Tòt slot ut antwoard op de hieltyd wear teruchkearende fraach fan gister, ‘komme jum fòlgend jaar ok wear’, binne we dúdelek: “Wij salle der bij weze at de Heere ut wil!” Want de PC en alles wat der bij hoart, is un stukje Paradys op aarde, dat wete twee krúdenyrsjonkjes sinds gister!

En Wigle Sinnema, foarsitter fan de KNKB, oans dank is groat dat wij ut metmake mochten. Hulde foar dizze ware ambassadeur fan de kaatsspòrt!

(www.henkvanderveer.nl)

Permanente Commissie

De vijfde woensdag

Multimedia

Log in