Wat is de PC


De PC dei

Alle jierren om ein july/begjin augustus hinne wurdt "de PC" hālden; net allinnich dé heechtiidsdei fan de keatssport, mar ek de āldste jierllikse sportklassiker fan Nederlān en de grutste keatswedstriid fan'e wrāld. Ut it ramt en rituelen dy't ta de PC- dei hearre, docht bliken dat de PC in barren is dat syn woartels hat yn in oar tiidrek, mei wizānsjes fan alearen. De PC-dei begjint om krekt 8:00 oere, as de foarsitter fan de Permaninte Kommisje śteinset mei syn rede (yn it Frysk), dy't hast 3 kertier duorret. Om 9:00 oere hinne giet de rydtoer los nei it toernoaifjild en om 9:30 oere hinne begjint it keatsen. 


Klokslach 8:00 oere :
Resepsje
Feestlike betinkingsgearkomste, dźr't elkenien hinne kin, yn de Koarnbeurs (iepen fan 6:30 oere ōf) te Frjentsjer. Dźr begjint de PC-dei en wurde oantinkens oproppen oan helden en foarfallen fan alearen, mar der komme ek aktuele saken op it aljemint. 


Om 9:00 oere hinne: koarte rydtoer troch Stedssintrum
De regearjend PC-kening en syn beide maten, de skiedsrjochter en de Permaninte Kommisje wurde yn iepen koetsen nei it Sternse Slotland (it Sjūkelān) riden. 


Om 9:15 hinne: oankomst op it Sjūkelān
De regearjend PC-kening docht op it Sjūkelān ōfstān fan de keningsbal en langet dy oer oan de foarsitter fan de Permaninte Kommisje. De keningsbal hinget dernei yn de PC-koepel foar elkenien yn 't sicht.

9:30 oere: PC-keatswedstriid
Nei de seremoniėle iepeningshannelingen begjinne de earste twa partijen. De finale krijt meastentiids syn beslach sa om 17:00 oere hinne. Komt op de tillegrafen gauris alles oan 'e hang dan wurdt it faeks wat letter.

De nije PC-kening
Fuort nei de finale wurde earst de prizen ūtdield en ta beslśt fan de PC-dei ropt de foarsitter fan de Permaninte Kommisje de nije PC-kening śt. Dźrnei is de PC-dei ōfrūn.

foto's: FOTOKOOPMANS © 2005

De-Harmonie-ofwel-Schutt     De Harmonie of Schutterij
       
oanwźzich sūnt 1854

receptie-2005.jpg             Receptie 2005
      FOTOKOOPMANS © 2005

rondrit-2006.jpg      Rydtoer troch de stźd nei 
               "It Sjūkelān"
   (foto: FOTOKOOPMANS © 2006) 

prijsuitreiking-2006.jpg            Priisūtdieling 2006
       FOTOKOOPMANS © 2006