Nieuws

Kommisjelid Joop van der Veen ferstoarn


Samar ynienen moatte wy Joop yn ús PC-fermidden misse. It is net te befetsjen en it rekket ús djip.

Joop kaam in 2008 yn ‘e PC. Syn rol as Húsmaster paste him as in jas. Hy wie ferantwurdelik foar de kaartferkeap en de hospitality. Hy die dat mei in grut gefoel en each foar foarmjouwing en detail. It wurk foar de PC die hy mei hert en siel. Mei dy selde passy boude hy ek oan syn bedriuw. Bakkerij Van der Kloet waard in begrip yn Frjentsjer en wide omkriten. Kroan op dit wurk wie de iepening fan harren saak yn de Camminghastins yn Frjentsjer. Hy rjochte hjir de Keatskeamer yn en liet dêr syn beide passys byelkoar komme. Hy liet minsken genietsje fan syn gebak yn de unike sfear fan ‘e PC.

De keatskeamer is as fêste fergaderplak it hert fan ‘e PC-organisaasje. Grutsk wie Joop op it ta de top fan keatsen trochdringen fan dochter Iris. Eins luts dit him nei it keatsen ta. Grutsk wie hy ek dat hy dit wurk foar de PC dwaan mocht en hy koe yntins genietsje fan de PC-dei. ‘Dit is kicken, hjir dogge je it foar’, sei er dan mei in grutte smile. Joop wie enerzjyk en ûndernimmend, fleurich, sjarmant en tagonklik. Hy hie in plesierige soart fan bravoer oer him. Joop wie in hurde wurker, in skrepper. Hy gie op yn syn wurk foar de bakkerij en de PC. In man dy’t him net folle tiid foar himsels gunde. En krekt op it jierlikse tripke mei freonen en kollega-ûndernimmers nei de autorally nei Skotlân kaam der samar in ein oan syn libben. It PC-partoer is net mear kompleet, we moatte ús maat no misse.

Us tinzen binne by syn fou Corrie en harren beide dochters Iris en Yasmin en harren neisten.

De leden fan de Keninklike PC.

Permanente Commissie

De vijfde woensdag

Multimedia

Log in