Nieuws

Robert van Wieren (1942-2020): The show is over

Robert van Wieren (78), de âldste fan de fjouwer beroemde keatsbroers Van Wieren fan Marsum, is stoarn. Op tiisdei 30 juny, mei syn leafsten om him hinne. Jierrenlang sieten de Van Wierens op harren fêste PC-plak, earste rij Skiltribune. “It klaverke fjouwer is útienfallen,” stie yn ’e advertinsje.  

“The show is over,” tink ik, en: ”ik hoop dat syn hier moai sit.”

Want – jo binne kapper of jo binne ‘t net – Robert syn prachtich bosk swarte en letter grize hier siet altyd moai. Ek at er de ballen op ‘e draaimûne jage. Doe ‘t hy oan ‘t it applaus hearde hoe moai it publyk dat fûn –  net oer, mar yn of óp de draaimûne – waard dat suver in ferslaving. Robert hâlde fan show. Hy kaam op de motor nei ‘t keatsen en letter yn in Amerikaan – mei fleugels. It wie in moaie man, dat hy wie grif ek in sekssymboal yn syn sportbroekje dat altyd krekt even koarter wie.

Under de jongens wie Robert in toptalent. Dat hy yn 1959 de Freule net wûn – troch doarpse twaspjalt – hat ‘m libbenslang dwers sitten.

Yn 1960 wûn hy de Jong Nederland mei Rintsje Rekker en Wiebren Veeman. Dat jier keatste hy ek foar ‘t earst op de PC, mei Rynk de Groot en Æbe Haima. Se ferlearen yn ’e twadde omloop mei folle telegraaf.

Yn 1968 stie hy foar ‘t earst yn de finale fan de PC, mei Pier de Groot en Gerrit van der Heide. Se moasten ‘t opnimme tsjin Johan van Seijst, Johannes Westra en Tamme Velstra. Se rekken fier achter. “Asto it mei slaan net winne kinst, dan moast prebearje se der ôf te praten,” sei hy oait, dat hy hat grif besocht de “licht ontvlambare” Van Seijst en Westra noch even út de tinte te lokken –  mar de oermacht wie te grut. Se krigen in spultsje. De twadde – tichter hat Robert net by it heechste west.

Dat hy de PC noait wûn hat, dêr siet hy net sa mei. Klaas en Wiepie, mei beide fiif PC-oerwinnings, hiene dat wol goed makke.

Miskyn wie foar de doarpsman Robert de Bond ek wol wichtiger. Dy wûn hy yn 1972 mei Wiep, dy ‘t doe noch mar achttjin wie, en Lammert Breuker. Yn ‘e fjirde omloop hiene se wûn fan Harns, mei Hotze, mar pas op 5-5 en 6-6. Yn’e finale moast Baard belies jaan, op 5-4 en 6-0. En doe fleach alles wat Marsum wie it Sjûkelân op. Findeldrager Sietse van Wieren joech it findel oan Robert, dy waard mei findel en al op de skouders naam. Jûns wie der in triomftocht yn in iepen wein troch Marsum. Twa kear earder hie Marsum de Bond wûn, yn 1900 en 1905. En no, yn it 75-jierrich jubileumjier, wie de Bondsbal opnij foar Foarút. Letter wûn Robert mei syn maten noch twa kear de preemje en ien kear de tredde priis op de Bond.

Al yn 1966, hy wie noch mar 24, krige hy lêst fan ‘t skouder. Dat gehuf op de boppe wreekte him. Dat hy mar 149 punten by elkoar keatste, komt ek fanwege ‘t wurk. Hij keatste inkeld sneins, seis dagen yn ’e wike wie hij kapper.

Miskyn binne ‘t dêrom net yn ‘t foarste plak syn prestaasjes, mar earder de moaie ferhalen om him hinne, wêrom ‘t it publyk foar him foel.

Nim de PC fan 1972 mei de wûnderbaarlike weromkomst fan Hotze Schuil. Schuil – hy is dan 47 jier! – hat al in pear kear ôfskied naam, mar Robert en Lammert Breuker sitte ferlegen om in opslagger. Schuil is wiis mei de Van Wierens en oarsom. Metty, de frou fan Hotze, kin Robert ek neat wegerje. Hotze krijt wat bûssinten fan syn maten en  moarnsbetiid hellet Robert him op, mei de Amerikaan.

It blykt in gouden greep. Se wurde de sfearmakkers op de 119-de PC. Fral yn de tredde omloop, dy wie “adembenemend” skriuwt de pers. Robert-en-dy kamen mei 5-1 achter tsjin Hein Zijlstra, Sikke Sikkema en Flip Soolsma. Mar se kamen werom. It waard 5-2, 5-3 en 5-4. De oansluting! Wat gebeurt hjirre, sil it publyk tocht hawwe. It waard fiif earsten gelyk. Mar ‘t lêste earst wie foar Hein Zylstra-en-dy.    

Doe ‘t Hotze Schuil stoar organisearre PC in yndrukwekkende betinkingsplechtichheid op it Sjûkelân. Robert en syn broers, Pyt Jetze en de Brand droegen Hotze dêrnei fan ‘t Sjûkelân.

Rynk Bosma, dy ‘t in boek oer de Van Wierens skreaun, sei by it ôfskied dat Robert in man wie fan slingers, show, it feest en fan de ferlieding. Mar ten djipste ek in ferlegen man. En mei in grut gefoel foar rjochtfeardichheid. Dêr prate se yn Bitgum no noch oer. It wie yn 1968. Harnser supporters wiene ûnsportyf, se klapten by bûtenslaggen fan Johan van Seijst. En hoewol dat yn ‘t foardiel wie fan syn broer Klaas, baalde Robert dêr fan. Hy stapte op de Harnsers  ôf. De earste klap kaam fan in Harnser, mar de folgjende net. It publyk spruts letter fan ‘Bonanza’ – in populêre tv-sery doe oer fjouwer broers.

Hoe populêr de broers Van Wierens wiene en binne die bliken yn 2017 doe ’t fans in jûn yn de Marsumer feesttinte organisearren mei ferhalen oer en in ynterview mei de Van Wierens. Mei 550 minsken wie de tinte stiiffol. Doe ‘t de fjouwer broers opkamen – elk in jonge keatser oan ’e han – krigen se in steande ovaasje. 

Bonne Stienstra fertelde dy jûns noch in tekenjend ferhaal oer Robert yn syn neidagen as keatser. Undanks syn stikkene skouder hie hy de tsjinstanners noch even útdage: “Hjir mar hinne mei dy bal,” mar foardat hy yn ‘t perk stapte rôp hy mei selsspot nei de minsken achter de krite: “Hearen, help my hoopjen dat ik de bal net krij.”

Robert krige yn 2018 in hersenynfarkt. Yn de lêste dagen fan syn libben lêsde hy nochris it boek van Rynk Bosma mei de ferhalen oer de sympatieke keatsfamylje. De show is over, mar dy ferhalen hawwe wy noch.

Tekst: Ate de Jong

Foto's: Keatsmuseum Frjentsjer

Log in